Tineke Broers en Dick Jansen

Dick Jansen – skriuwer
Dick Jansen (64) groeide op yn Ljouwert en kaam dêr yn de jierren 90 fan de foarige ieu yn
oanrekking mei it buurttoaniel en skreau dêrfoar in oantal blijspullen. Jierren letter, yn 2013 pakte hy
it toanielskriuwen wer op mei it iepenloftspul De Oerfal yn Ljouwert. Dêrnei folge it bewurkjen fan
Jan Wolkers’ ferneamde boek en de film ta it iepenloftspul Turks Fruit (Dronryp 2019) en Wraak en
Gewisse (Dronryp 2022) en no dus Wat bisto leaflik!?
Dick is troud mei regisseur Tineke Broers sûnt 2016. Se moeten elkoar yn 2010 by it Burgumer
iepenloftsul De simmer fan 45 dat Tineke doe regissearre.
Mar Dick kin mear as allinne skriuwe, hy hat mei dekôrûntwerper Jaap Groen de boeken skildere dy’t
yn it dekôr te sjen binne, hy hat it programmaboekje makke en it promofilmke. Koartsein, in kreatyf
en alsidich man, lykas Waling.

Tineke Broers – rezjy
Tineke Broers (66) wennet mei har man Dick Jansen yn Burgum, dêr’t sy ek opgroeide. Al yn har
bernejierren kaam se yn oanrekking mei it toaniel. Har heit spile mei yn de iepenloftspullen fan
Burgum en letter waard hy dêr foarsitter fan. Ek de leafde foar de taal krige se mei. Se spile sels by
ferskate toanielselskippen yn Fryslân en ek yn it iepenloftspul fan Burgum. Sûnt 1999 hat se har
talein op it regissearjen fan toanielstikken, revues en iepenloftspullen (sûnt 2005): op ‘e Harkema
(Eye Wykstra, Tabak!, Simke en Dûnsjende Wiis), Himrik (Mem), Brantgum (Swart mar Leaflik),
Burgum (Levy en De Simmer fan 45), Nijegea (Boartsje mei fjoer) en De Oerfal yn Ljouwert. Yn 2019
hie se ek de regy fan de jubileumfoarstelling De Foarstelling fan STAF (Stifting Amateurtoaniel Fryslân
no Iepen Doek).