De Angelfisker

Op in simmermoarn bytiid
Foer ik mei myn boatsje
Om to fiksjen, oer it wiid
En ik song sa bliid
,t Wie sa,n alderleafste moarn,
Alles lake blier my oan
Fleur en libben wie ,t rounom
,t Hert wie my sa rom

,k Sloech ris fjûr en stiek ris oan
Doe kaem dêr in famke
Troch it lân en op my oan
En sei my “goe moarn”
Hja kaem my sa hommels oer
,k Wie der siker fan oerstjûr
,k Wist net hwat ik kaem to sjen
Om’t it wie sa’n aerdich Bern

Mei in sêfte stim bigoun
Hja tsjin my to praten
“Fisker, ‘k ha my hwat forroun
Haw ik niis bifoun
Set my, as ‘t jo b’leaft, ris oer:
‘k Moat hjir nei dy neiste boer:
Oars moest ‘k jinsen oer dat set
En dan kom ik fiersto let

‘k Skou myn boatsje ticht oan ‘t lân
Soe ‘k sa’n faem net helpe!
En doe joech se my de hân,
‘k Wie hast yn’e brân.
Gean maar op ‘e mestelbank:
‘t Boatsje is net felle rank;
As ik dan hwat swietsjes skou
Binne wy oan ‘e oerkant gau.

As ik ‘t nou mar driuwe lit
Sil ‘t him sels wol rêdde,
En as ik hwat by jo sit
Giet it better jit.
‘t Boatsje hinget oars to skean:
‘t Wetter komt al oan jins klean.
En as ‘t al to rimpen giet,
Wurd’ jo licht alhiel jit wiet.

“Fisker, fisker, meitsje spoed!
‘k Mei nin tiid forlieze;
Ik moat mar ris oan ‘e kloet.
‘t Giet oars sa net goed.”
En doe joech se ‘t boatsje ‘n triuw,
Dat it nei de wâl ta driuw,
Hja sprong op en mei in wip
Wie de fryster út it skip.

Mannich kear kaem ik tonei
Dêr wer mei myn boatsje;
Mar hwat fisk ik fange mei,
‘t Moaiste dat bliuwt wei.
Kom ik har net wer to sjen,
Dan is al myn rêst forlern.
Dy’t net oplûkt as it byt,
Rekket grif syn bearskes kwyt.

Waling Dijkstra Spannum