Sjabbe, Sjolle en Sjouke

Sjabbe, Sjolle en Sjouke wienen mei hjar trijen op ‘e reis nei Spannum (Dokkum) ta. Sjabbe wist de wei en hie de foarstap. Mar do ’t se omtrint de hiele dei al roan hiene, do sei er: ‘Ik bin ’t paed bjuster. Ik wit er neat mear fen, oft wy rjucht op Spannum (Dokkum) oan gean as dwers der fen hinne.’Sjolle sei: ‘Dat is in rare boel.’

‘Ja,’ sei Sjouke, ‘en de nacht oerrint ús.’

Hja roanen yet efkes en do kamen se op in trijesprong, dêr stie in hânwizer, in âld peal mei trije plankjes, dy ’t elk in kant út wiisden, boppe der oan spikere.

‘No binne wy klear,’ sei Sjabbe.

‘Ja,’ sei Sjolle, ‘mar ‘t is al sa tsjuster, dat wy net lêze kinne wat der op dy plankjes stiet.’

‘Sadwaende kin de hânwizer ús neat helpe,’ sei Sjouke.

‘Ho nou te rie’?

Sjabbe sei: ‘Gean dou krom stean, den gean ik op dyn rêch stean, den scil ik fjûr slaen en den sil ik it wol lêze kinne.’

Dat gyng oan. Sjabbe sloech fjûr, mar koe ’t do yet net lêze, en Sjouke sei: ‘Ik kin it net langer úthâlde.’

Sjabbe sei: ‘Gean dou nou ek ris kromstean, Sjolle.’

Sjolle die dat; Sjabbe gyng do op syn rêch stean en sloech wer fjûr, mar hy koe ’t yet net lêze en Sjolle sei, hy koe ’t net langer úthâlde.

‘Ho moatte wy nou?’ Sei Sjabbe.

Sjouke sei: ‘As wy dy plankjes fen ‘e peal ôfbrekke, den kinne wy se hjir op ‘e groun op ús gemak bisjên. Sjabbe gean dou nou mar ris krom stean’.

Sjabbe die dat. Sjouke gyng op syn rêch stean en skoerde de plankjes alle trije fen ‘e peal ôf.

Hja laeijen dy dingen op ‘e groun, gyngen der op ‘e knibbels by lizzen en do sloegen se fjûr. Jawol, man! Do koene se ’t lêze: ‘Spannum (Dokkum), in ûre geans.’.

‘Nou binne we klear,’ sei Sjabbe.

‘Ja,’ sei Sjolle, ‘mar oan hokker kant fen ‘e peal het dit plankje sitten?’

‘Ik wit it net,’ sei Sjouke.

‘Och heargen!’ sei Sjabbe, ho sille wy den witte hwet wy út rinne moatte? Is ‘t net stom?’

Waling Dijkstra