Passy Pôle

Leest u deze tekst liever in het Nederlands? Scroll dan naar beneden voor de Nederlandse vertaling


Sa at jimme no wol yn’e gaten ha, wie Waling in alsidich persoan. Hy hat in ôfgryslik soad betsjutten foar it hjoeddeistige Frysk, kwa toaniel, ferskes, rymkes en foaral foar de tagonklikens foar de ‘gewoane minsk’. Wy wolle jimme yn’e kunde komme litte mei de passys fan Waling Dijkstra. Wy wolle se jimme belibje litte. En dat begjint al op ús: PASSY PÔLE!

 De Passy Pôle is op it terrein foar de lokaasje fan it iepenloftspul. Je komme der dus seker del. Der is fan alles te rêden:

  • Je kinne gewoan efkes smûk sitte.
  • Der is iten en drinken te krijen.
  • Der is in dicht tinte, hjir is fan alles te dwaan wat te krijen hat mei dichtsjen / skriuwen / spreuken / hân letterje.
  • Der is in skilder tinte, hjir kinne je mei inoar oan in grut skilderij wurkje mei it tema ‘Simmermoarn’, mar je kinne ek sels wat skilderje.
  • Der komme foto hoekjes, der kinst dy in bytsje wane yn’e tiid fan Waling Dijkstra, kinst dy ferklaaie, hoecht net fansels, mar dan kinst yn’e regel wol gnize!
  • Der komt muzyk en noch folle mear!

We wolle noch net alles ferklappe fansels, want we wolle jimme ek noch ferrasse kinne. Mar it mei dúdlik wêze, KOM OPTIID EN BELIBJE EK DE PASSY PÔLE

Oh ja,  asto as earste op’e Passy Pôle bist, dan meisto ek as earste de tribune op. Hoechst dus net saai yn’e rige te stean. We roppe wol om wannear at de tribune iepen giet, en wa at der op mei. Ha jimme der ek sa’n sin oan? Wy wol! We binne alfêst efkes begûn:


Waarschijnlijk hebben jullie inmiddels wel in de gaten dat Waling een veelzijdige man was. Hij heeft ontzettend veel voor de Friese taal en cultuur betekend, qua toneelstukken, liedjes, rijmpjes en vooral de toegankelijkheid van de Friese taal voor de gewone man. Wij willen jullie graag kennis laten maken met de passies van Waling Dijkstra. We willen ze jullie laten beleven. En dat kan al op onze: PASSY PÔLE!

De Passy Pôle  is op het terrein voor de locatie van het iepenloftspul. Je komt er dus sowieso langs.Er is van alles te doen:

  • Je kunt er gewoon even gezellig zitten.
  • Er is eten en drinken verkrijgbaar
  • Er is een dichtcafé, hier is van alles te doen dat met dichten/ schrijven/ spreuken en gezegdes / handletteren te maken heeft.
  • Er is een schilderstent, hier kunnen we met z’n allen aan een groot schilderij werken met ‘Simmermoarn’ als thema, maar je kunt ook zelf iets anders schilderen.
  • Er komen fotohoekjes, daar beleef je de tijd waar Waling in heeft geleefd, je kunt je er verkleden, dat hoeft niet, maar dat is wel erg leuk
  • Er is muziek en nog veel meer!

Wij willen natuurlijk niet alles verklappen, want we willen jullie ook nog kunnen verrassen. Maar het mag duidelijk zijn: KOM NAAR DE PASSY PÔLE

O ja, als je als eerste op de Passy Pôle komt, mag je ook als eerste op de tribune. Je hoeft dus niet saai in de rij te staan. Er wordt omgeroepen wanneer de tribune opengaat en wie er dan op mag.

Hebben jullie er zin in?  Wij wel! We zijn alvast een beetje begonnen: