Us Libbens-tiid

Us libbens-tiid bestiet yn trijen,
De takomst liket traech to gean,
It hjoed fljucht mei gewelt foarby en
‘t Forline bljuwt dêr iwich stean.

Hwet is de tiid? Hwa kin ’t bifetsje?
Hwet hjoed yet takomst hjitte moat
It moarn al hjoed, mar for in setsje,
En oermoarn is ‘t foar altyd bard.

Wy harrewarje, wrokje en kibje
En elk docht wiis, nei syn bistek.
Ljue, dy’t in ieuwe nei ús libje,
Dy sizze grif: Hja wieren gek!

Dou kinst hjir mar in hoatsje bljuwe,
O dwaze minske! Wol dôch net
Dyn tiid mei striderij ferdrjuwe
Om mear as immen nedich het.

’t Gelok is faken mar for ’t krijen.
As elk it sjên en gripe woe
Leau den mar, dat er minder lijen
En lêst op ierde wêze soe.

Waling Dijkstra 1887