It doarpslibben

Wy libje rêstich yn ús gea;
‘t Soe mannich ien fertrette,
Hy fûn ‘t licht al te stil en dea;
Wy achtsje dat foar lytse skea;
Us kin it neat net lette.

Wat yn ‘e wrâld soms barre mei,
En wat der wurdt feroare:
Neat frjemds komt ús hjir ea benei,
Neat wûnders bart hjir; de iene dei
Dy liket hjir oan de oare.

Twa rigels beammen heech fan top
Stean om ‘e tsjerke hinne;
Dêr stekt de toer syn âlde grize kop
As allemanne baas út op,
Fan gib en ka bewenne.

En yn ’t rûnom dêr sjugge wy
Wêr’t mar ús eagen komme,
Yn pleats fan stedske pronkerij,
In fjild mei hynders, skiep en kij,
En keakelbont fan blommen.

Moarns, as de sinne út ’t easten loert,
Klinkt ús de sang yn ‘e earen
Fan ’t jimmer fleurich fûgelguod;
De wurkman stapt fol moed wer fuort,
Om jûns werom te kearen.

En stil is ’t hiel de dei yn ’t rûn
In stedsman soe ’t net smeitsje
Mar is de sinne wer ferdwûn,
En is ’t in moaie simmerjûn,
Dan kinn’ we ús rjucht fermeitsje.

In buorman hinget oer de doar,
En noch in stik twa trije
Gean tsjin ‘e muorre stean ta skoar;
Sa praat men dan wat mei elkoar
Oer ’t âlde en oer ’t nije.

De wyfkes sitte op ‘e hoek
Te naaien of te breidzjen,
Om by ’t fersetten fan in broek
Of ‘t seamjen fan in nije doek,
It strjitnijs oer te eidzjen.

De bern ha’ wille by de rûs
En boartsje deromhinne,
Op ‘t lêst ropt mem har yn ‘e hûs,
Dan siket elk syn ein klûs,
Krekt oft it skiepkes binne.

Sa giet it libben hjir syn rin,
En ‘t jout gjin stof ta grinen.
Elk hat it like goed nei ‘t sin,
En nimmen hat der oanstriid fan
Om mear krioel te finen.

En hoe oft dat sa wêze mei,
Dat lit him licht beskriuwe:
Dêr’t immen yn de widze lei,
Dêr hinget him it hert nei:
As ‘t kin wol hy dêr bliuwe.

Waling Dijkstra 1848