Klachte by de dead fan myn soantsje

It lêste diel fan it gedicht dat Waling Dijkstra makke nei de dea fan syn soantsje Gerrit yn 1852

Hoe bliid ik wie mei him
Hoe ‘t hert my oer him hinge,
Ik moast myn Gerrit by syn mem
Op ‘t neare tsjerkhôf bringe.

Dêr rest hja tegearre
Nou yn dy grûn sa kâld.
Wie sto myn lok as fearren!
Al winske ‘k fjurrich syn behâld,
Har skynde er ta te hearren.

Binn’ nou har beide sielen
Ek sa feriend by God,
Mei himselsk ljocht bestriele:
Wat sil mem mei har leafste skat
Har nou dan lokkich fiele!

Ik sit hjir nou allinne
Te tinken hoe ‘t hjir wie.
Deastil is’t om my hinne,
Dêr’t koartlyn freugd hearske oer de flier
Troch ûnderlinge minne

De tiid moat balsam skinke.
Mar hoe ‘k it ea hjir ha,
Of wat my oan mei blinke,
‘k Sil altyd om myn leave twa
Op Spannums tsjerkhôf tinke.