Leest u deze tekst liever in het Nederlands? Scroll dan naar beneden voor de Nederlandse vertaling.
In iepenloftspul oer Waling Dijkstra, ien fan Fryslân’s grutste skriuwers en dichters en grûnlizzer fan de Fryske toanielkultuer!
Waling moatst yn Spannum mei grutte tsjinsin de bakkerij mei syn mem draaiende hâlde, mar wie folle leaver dwaande mei syn passy: skriuwen en dichtsjen yn de Fryske taal. Yn it doarp hiene se net sa folle op mei Waling fanwegen syn oare wize fan tinken. Ek op it mêd fan de romantyk hâlde hy him net oan de yn dy tiid jildende regels. Dat alles soarge foar in soad drama yn syn libben. De titel ‘Wat bisto leaflik!?’ ferwiist nei syn bekende liet ‘Simmermoarn’, mar wie Waling sels wol sa leaflik?
Foarôfgeand oan it iepenloftspul kinst alfêst wat yn de sfear komme op de ‘Passy pôle’. Yn dit foarprogramma kinst de passy’s fan Waling sels belibje: yn in noflike sfear kreatyf oan de slach of gewoan genietsje fan in moaie foardracht of muzyk mei in hapke en in drankje. Koartsein: it wurdt in iepenloftspul mei passy! Dêr wolst by wêze! Foar mear ynformaasje oer de Passy Pôle, klik hjir.

In inisjatyf fan: CMV Oranje Spannum en Stifting Mei-inoar Spannum
Skriuwer: Dick Jansen
Regy: Tineke Broers
Komposysjes & muzikale lieding: Thom Zigterman
Muzyk: CMV Oranje Spannum
Een Friestalig iepenloftspul over Waling Dijkstra; één van de grootste Friese schrijvers en dichters en grondlegger van de Friese toneelcultuur!
Waling Dijksta moest in Spannum de bakkerij met zijn moeder draaiende houden, maar hij was veel liever bezig met zijn passie voor het schrijven en dichten in de Friese taal. In het dorp was hij niet altijd geliefd vanwege zijn andere manier van denken en ook op romantisch gebied hield Waling zich niet aan de voor die tijd ongeschreven regels. Dit alles zorgde voor veel drama in zijn leven. De titel ‘Wat bisto leaflik!?’ verwijst naar de eerste regel van zijn bekende lied ‘Simmermoarn’, maar was Waling zelf wel zo ‘leaflik’?
Voorafgaand aan het ‘iepenloftspul’ kun je alvast in de sfeer komen op de ‘Passy Pôle’. In dit voorprogramma kun je passies van Waling Dijkstra zelf beleven. In een ongedwongen sfeer creatief aan de slag of genieten van een mooie voordracht en muziek onder het genot van een hapje en drankje. Oftewel het wordt een ‘iepenlofspul’ met passie. Voor meer informatie over de Passy Pôle, klik hier.

Initiatief van CMV Oranje Spannum en Stifting Mei-inoar Spannum
Schrijver: Dick Jansen
Regie: Tineke Broers
Composities en muzikale leiding: Thom Zigterman
Muziek: CMV Oranje Spannum