Myn Marij

Dêr yn dat tropke beammen,
Dêr stiet dy âlde toer.
De protters en de dowen
Dy fleane ‘r om en oer.

Dêr yn dat lytse húske,
Mei ‘n eskenbeam derby,
Mei ‘n draaier op ‘e skoarstien,
Dêr wennet myn Marij.

Dêr jinsen yn ‘e finne,
Dêr rinne trije kij:
In mûskleur en in swarten
En in wytbûnte derby.

Dat binn’ har heite bisten,
Dy melkt hja twaris deis,
Dan sjuch ik har wol skrippen,
Ik sjuch har elke reis.

En sneintejûns nei melken
Ferklaai ik ringen my,
Sa kwikker en sa krûdich;
Dan gean ik nei Marij.

Ik stap it gea dan binnen,
Sa proastich as ik mei;
Dan sjugge my de fammen
Sa spitich efternei.

En kom ik dan te harres,
Dan stiet de stoel al ree;
Dan krijt se in pijp fan ‘t rakje
En is sa op har dree.

In wyt porseleinen riuwke,
In kopke mei en ear
En mei fergulden lêzen
Hat hja dan foar my klear.

Dan binn’ har âlde ljuwe
Sa yn har skik mei my;
Hja wolle ‘t graach sa hawwe
Dat ik har dochter krij.

Dat sil noch ek wol wurde,
Hja het my ‘t wurm al jûn.
Ik hoopje takom maaie
Dan wurde wy ferbûn.

Ik wol in húske hiere
En ek wat lân derby,
En dêr sil ik dan wenje
Yn frede mei myn Marij.

Waling Dijkstra 1848