Wat bisto leaflik!?

Leest u deze tekst liever in het Nederlands? Scroll dan naar beneden voor de Nederlandse vertaling


Yn 2017 slagge it om mei 220 fan de 270 ynwenners fan Spannum ‘It kistke fan Sybrant Roorda’  yn dit doarp op te fieren; 6 útferkochte foarstellings en in Gouden Gurbe foar de foarmjouwing – dat smakke nei mear! Doe’t Kristlik Muzykferiening Oranje yn jannewaris 2020 mei it idee kaam om tegearre in iepenloftspul te organisearjen, om’t se harren 125-jierrich jubileum yn 2023 fiere wolle, ûntstie it plan om in iepenloftspul oer Waling Dijkstra foar it fuortljocht te bringen.

Wat bisto leaflik!?  Yn juny 2023 wurdt dit iepenloftspul oer Waling Dijkstra in hichtepunt fan de projekten yn Spannum rûn dizze ferneamde Fryske skriuwer. Tidens de presintaasje fan de plannen foar dit iepenloftspul kamen al in soad entûsjaste reaksjes út it doarp! It stik sil mei en troch in part fan de Spannumer mienskip op ‘e planken brocht wurde. 

Waling Dijkstra hie nea betinke kinnen, dat no just yn Spannum in iepenloftspul oer him op de planken brocht wurde sil. It bûtere nammentlik eartiids hielendal net tusken him en de ynwenners fan Spannum. De hieltyd frijsinniger Waling stie faak rjocht tsjinoer de ortodoks-protestantse mearderheid fan de doarpsbewenners.

Skriuwer Dick Jansen hat it stik basearre op it libbensferhaal fan Waling en dan benammen rjochte op de tiid dy’t hy yn Spannum trochbrocht. Dat ferhaal bestiet út ferskillende tema’s: passy foar de Fryske taal en kultuer, it skriuwen, mar ek it leauwen, dat in sintrale rol yn syn libben spile én de syktocht nei leafde en de pine dy’t Waling dêrby trochstean moast. Mar it giet benammen oer it sykjen nei identiteit. Mear as genôch yngrediïnten foar in iepenloftspul mei in wichtige rol foar muzyk, dy’t spesjaal komponearre is troch Thom Zigterman.

It stik wurdt yn juny 2023 ûnder regy fan Tineke Broers yn gearwurking mei muzykferiening ‘CMV Oranje’ opfierd yn it troch Jaap Groen ûntwurpen dekôr efter de pleats op Tsjerkebuorren 16 yn Spannum. 


In 2017 slaagde het om met 220 van de 270 inwoners van Spannum ‘It kistke fan Sybrant Roorda’  in dit dorp op te voeren; 6 uitverkochte voorstellingen en een Gouden Gurde voor de vormgeving – dat smaakte naar meer! Toen Christelijke Muziekvereniging Oranje in januari 2020 met het idee kwam om gezamenlijk een iepenloftspul te maken, om te vieren dat zij in 2023 maar liefst 125 jaar bestaan, werd het plan geboren om een iepenloftspul te organiseren over Waling Dijkstra.

Wat bisto leaflik!? In juni 2023 wordt dit iepenloftspul over Waling Dijkstra een hoogtepunt van de projecten in Spannum rond deze beroemde Friese schrijver. Tijdens de presentatie van de plannen voor dit iepenloftspul kwamen er al een hoop enthousiaste reacties uit het dorp! Het stuk zal met en door een deel van de Spannumer gemeenschap op de planken worden gebracht.

Waling Dijkstra had nooit kunnen bedenken dat juist in Spannum een openluchtspel over hem zou worden opgevoerd. Het boterde namelijk destijds helemaal niet tussen hem en de inwoners van Spannum. De steeds vrijzinniger Waling stond vaak recht tegenover de orthodox-protestantse meerderheid van de dorpsbewoners.

Schrijver Dick Jansen heeft het stuk gebaseerd op het levensverhaal van Waling en dan vooral gericht op de periode die hij in Spannum heeft doorgebracht. Dat verhaal bestaat uit verschillende thema’s: passie voor de Friese taal en cultuur, het schrijven, maar ook het geloof, dat een centrale rol in zijn leven speelde én de zoektocht naar liefde en de pijn die Waling daarbij moest doorstaan. Maar het ging vooral ook om het zoeken naar identiteit. Meer dan genoeg ingrediënten voor een openluchtspel met een belangrijke rol voor muziek, die speciaal is gecomponeerd door Thom Zigterman.

Het stuk wordt in juni 2023 onder regie van Tineke Broers in samenwerking met Muziekvereniging ‘CMV Oranje’ opgevoerd in een door Jaap Groen ontworpen decor achter de boerderij aan de Tsjerkebuorren 16 in Spannum.