Op de radio ….

Hoewol it noch lang net safier is, hie de Omrop in pear wiken lyn al belangstelling foar it Waling Dijkstra projekt. Us skriuwer, Dick Jansen en syn frou en ús regisseur Tineke Broers wiene te gast by Omrop Fryslân om te fertellen oer it proses fan betinken en skriuwen fan it stik oer Waling Dijkstra. Fol fjoer en entûsjasme ha sy beide ferteld wat harren sa oansprekt yn it libben en wurk fan Waling en ha se ferteld oer de plannen foar ús muzikaal teaterspektakel yn juny 2023. Al moaie publisiteit fansels! Wy binne ynmiddels wol tige nijsgjirrich nei it stik, mar we moatte noch efkes geduld ha … yn de simmer fan dit jier sil Dick it stik klear hawwe sa is de planning.